Pas snein beslút oer derby

It is noch ûnwis oft de wedstriid Grins-Hearrenfean trochgiet
FC Grins docht der alles oan snein de thúswedstriid tsjin SC Hearrenfean trochgean te litten. As it nedich is wurdt it fjild sneintemoarn op 'e nij sniefrij makke. Pas sneintemoarn wurdt eventueel bekend makke oft de wedstriid ôflast wurdt.
De seleksje fan Jan de Jonge trainde sneontemoarn yn it Abe Lenstrastadion. In grut part fan it fjild wie sniefrij makke. Hearrenfean ferlear foar it lêst yn Grins op 13 jannewaris 2006.