Bouwmeester wint wrâldbeker

19 des 2009 - 12:02
  • Bouwmeester op it wedstriidwetter by Melbourne
  • Marit Bouwmeester

Sylster Marit Bouwmeester hat sneon foar de kust fan Melbourne de wrâldbekerwedstriid yn de Olympyske Laser Radial klasse wûn.

De Friezinne waard yn 'e ôfslutende medaljerace fjirde en dat wie genôch om har konkurrintes yn it klassemint foar te bliuwen. De lêste race wie net maklik, want nei in botsing mei in grutte golf hie Bouwmeester de boat fol wetter. Letter seach Bouwmeester kâns om in soad boaten yn te heljen troch in bettere rûte te kiezen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)