Steuring by Drachtsterbrêge

© Omrop Fryslân
It ferkear yn Ljouwert hat sneontemoarn op 'e nij lêst hân fan in slachboom fan 'e Drachtsterbrêge. De boom wol troch in steuring in pear oeren lang net mear omheech.
Automobilisten koene sadwaande in skoft lang de stêd net út. It Drachtsterplein rûn fol auto's dy't op in stuit gjin kant op koene. Automobilisten waard oanret om in oare rûte te kiezen. Om kertier foar ienen hinne wie it maleur mei de Drachtsterbrêge wer oplost.