Diken goed te beriden

19 des 2009 - 09:25
  • Brêge yn de wyk Nijehaske fan It Hearrenfean (foto Harmen Houtman)

De diken binne op dit stuit goed te beriden. Allinnich op gemeentlike diken en op- en ôfritten kin it glêd wêze. Dat sizze Rykswettersteat en provinsjale wettersteat. Der ha fannacht njoggen oanridingen west. Dêrby rekke gjin ien ferwûne.

Rykswettersteat en provinsjale wettersteat ha oant twa oere struid. Se hâlde de diken goed yn de gaten. Minsken wurdt advisearre waarme klean mei te nimmen foar it gefal se maleur mei de auto krije.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)