Cambuur nei ien helte klear

18 des 2009 - 21:59
  • Mark de Vries skoarde twa kear

SC Cambuur hat de útwedstriid op in dreech te bespyljen fjild mei 4-0 fan Haarlem wûn. Yn de lêste wedstriid foar de winterstop hiene de Ljouwerters de tsjinstanner al nei ien helte op de knibbels. Healwei wie de einstân al berikt troch doelpunten fan Dave Huijmans, Mark de Vries (twa kear) en Jeffrey de Visscher.

Koprinner De Graafschap ferlear op eigen fjild mei 4-1 fan FC Zwolle. De Graafschap bliuwt earste mei 47 punten, Cambuur hat ien punt minder.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)