BAM posityf oer takomst

18 des 2009 - 16:25

Dikebouwer BAM hat fertrouwen yn de takomst en bliuwt definityf yn Drachten. De ûndernimming hat noch genôch wurk om troch de krisis hinne te kommen en ynvestearret yn de takomst. BAM rekkenet op grutte projekten lykas de Heak om Ljouwert en de Sintrale As. De ûndernimming hat freed in nij ûnderkommen iepene yn Drachten.

De 30 meiwurkers dy't soargje foar de pleatsing fan fangrails en tydlike ferkearsbuorden krije hjir plak.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)