Needklok liedt foar tsjerken

18 des 2009 - 16:05

Der moat de kommende seis jier 55 miljoen euro komme foar restauraasje en ûnderhâld fan de Fryske tsjerken. Dat hat de stichting Alde Fryske Tsjerken ûndersocht. Se hawwe de tastân fan alle 550 tsjerken yn de provinsje besjoen.

Der driget by in soad tsjerken in ûnderhâldsachterstân, omdat de gebouwen de funksje as tsjerke ferlieze. Der geane hieltyd minder minsken nei tsjerke, tsjerken fusearje en der is in tekoart oan frijwilligers.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)