Bouwmeester flak by 1ste plak

Sneon is it derop of derûnder foar Marit Bouwmeester
Sylster Marit Bouwmeester makket sneon op de finaledei fan de wrâldbekerwedstriden yn it Australyske Melbourne in goede kâns om te winnen. Freed pakte se yn de sânde race yn de laser-radial-klasse foar de twadde kear op rige it earste plak. Dêrtroch is se liedster Paige Railey út Amearika op ien punt nadere.
Sneon is de lêste en allesbeslissende dei. As Marit foar Raily oer de streek komt wint se de wedstriid.