Part loads yn Grou ynstoarten

De troch de snie ynstoarte loads by Grou (foto stjoerder.nl)
In loads fan wenningboustifting Welkom yn Grou is foar in behoarlik part ynstoarten trochdat der in dik pak snie op it dak lei. De loads stiet oan de Molenstrjitte en wie leech. Eigner Welkom kin de skea noch net goed ynskatte. Freedtemiddei wurdt besjoen oft der ek asbest yn de loads sit.
Der wurdt besocht it ynstoarten part noch foar de ein fan it jier op te romjen.