Chris de Wagt nei Top Oss

18 des 2009 - 14:51
  • Chris de Wagt ferhuzet nei Top Oss

Chris de Wagt wurdt definityf ferhierd oan Top Oss. Yn it lêste petear tusken de Cambuurferdigener en de lieding fan Top Oss is in akkoart berikt oer de persoanlike betingsten fan De Wagt. De klups wienen der earder al út. It kontrakt fan De Wagt by Cambuur rint oan de ein fan dit seizoen ôf.

De ferdigener kaam de lêste tiid net in soad oan spyljen ta. By Top Oss hopet er him wer sjen litte te kinnen, want hy wol ek nei dit seizoen graach yn it proffuotbal aktyf bliuwe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)