Frachtweinen ride te hurd

De brânzjorganisaasje Transport en Logistiek nimt de klachten oer frachtweinsjauffeurs dy't te hurd ride op glêde diken serieus en sil aksje ûndernimme om har leden op de ferkearsfeilicheid te wizen. Der binne de ôfrûne dagen in soad klachten binnenkommen en der binne ek in soad ûngemakken mei frachtweinen bard.
Sels fertsjintwurdigers fan plysje en Rykswettersteat roppe de sjauffeurs op om har better oan te passen oan it oare ferkear.