Revalidaasje ek yn Meppel

Meppel is it twadde plak bûten Fryslân dêr't Revalidatie Friesland aktyf is
Revalisidaasje-artsen fan Revalidaasje Fryslân sille fan 1 jannewaris ôf ek oan de slach yn Meppel. It is de twadde lokaasje fan Revalidaasje Fryslân bûten de provinsjegrinzen.
Troch de gearwurking fan de sikehuzen yn Snits en Emmeloard wiene se ek yn dat lêste plak al oan de slach. Mar Meppel is it earste losse plak dêr't se los sille. It giet foarearst om ien arts, mar dat wurdt letter útwreide nei twa.