Philips slút distribúsjepunt

Distribúsjesintrum ticht: 45 man it wurk kwyt
Philips wol it distribúsjesintrum yn Drachten slute. Foar de 45 meiwurkers is dan gjin wurk mear. It is de bedoeling om de aktiviteiten út te besteegjen oan DHL en te ferpleatsen nei Acht by Eindhoven.
It fakbûn CNV is it foaral mei dat lêste punt net iens en praat dêr nije wike woansdei noch oer mei Philips. De meiwurkers fielden har troch it nijs oerfallen, ek al waard al in skoft ûndersyk dien nei de takomst fan it distribúsjesintrum.