Frachtwein fan 'e dyk helle

18 des 2009 - 10:24

De plysje hat tongersdei yn Noardburgum in frachtauto fan de dyk helle omdat dy goed 19.000 liter disel ferfierde. Plysjes seagen de man riden en joegen in stopteken. By kontrôle die bliken dat er gefaarlike stoffen ferfierde. Fanwege it minne waar en de situaasje op de dyk krige de man in rydferbod.

It ferfier fan gefaarlike stoffen is fêstlein yn de wet. By glêde diken en in sicht fan minder as 50 meter is it riden mei gefaarlike stoffen ferbean.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)