Haarlem-Cambuur giet troch

De fuotbalwedstriid tusken Haarlem en Cambuur giet freedtejûn gewoan troch. It fjild is freedtemoarn keurd en der kin spile wurde.
Der is yn Haarlem noch net al tefolle snie fallen, mar dat kin fansels noch feroarje. Der leit wol wat snie op it fjild, mar der wurdt besocht dat der foar de wedstriid noch ôf te heljen. De wedstriid Haarlem-Cambuur begjint om 20.00 oere. De wedstriid wurdt streekrjocht útstjoerd troch Omrop Fryslân Radio.