IIsbaan siket baanfeiers

De iisbaan by de Aldehou
De iisbaan fan it Ljouwerter winterfestival by de Aldehou siket mei faasje minsken dy't helpe wolle mei it sniefrij hâlden fan 'e baan. Wa't ree is om sa út en troch de snie oan kant de skowen mei fergees reedride en krijt boppedat poeiermolke en snert, seit iismaster Jan Gaastra.
Mei noch mear snie ûnderweis hat Gaastra helpkrêften nedich om de baan iepen te hâlden. Sûnder help soe de baan mooglik ticht moatte, en dat kin eins net yn de krystfakânsje.