13 oanridings troch glêdens

18 des 2009 - 09:32

Der hawwe sûnt tongersdeitejûn sa'n 13 oanridings west yn it Fryske ferkear. De measte ûngemakken wienen freed betiid as gefolch fan de glêdens. Dat wie ûnder oare tusken Grou en Akkrum it gefal. Yn de measte gefallen gie it om blikskea. Yn Snits rûn in automobilist ferwûnings op.

In tal fytsers kamen ek te fallen. Op de Bleekleane yn Ljouwert rûn in fytser ferwûnings oan de holle op. By it MCL binne tongersdei nei fiven nochris 19 minsken binnenbrocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)