Ferkear komt wer op gong

18 des 2009 - 09:26

It liket derop dat de bussen yn Fryslân hjoed wer gewoan ride. Neffens Arriva, QBuzz en Connexxion wurdt de reguliere tsjinstregeling folge.

Op de dyk tusken It Hearrenfean en Ljouwert is sprake fan glêdens troch iisfoarming. Rykswettersteat sil dêr opnij sâlt struie. De dyk tusken Holwert en Ternaard wurdt om tsien oere hielendal ôfsletten. Dêr is in frachtwein mei jirpels fan de dyk skood, dy't dan fuortsleept wurde sil. Dy ôfsluting duorret oant ien oere.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)