NAM boarret foarearst net

De NAM sil foarearst net nei gas boarje op It Amelân. Earder wie it bedriuw fan doel gas út trije fjilden op it eilân te heljen. Ut neier ûndersyk fan dy fjilden hat bliken dien dat mar ien rendabel genôch is om te eksploitearjen.
De NAM hat no besletten om earst yn te setten op oare fjilden. Mooglik dat yn in letter stadium noch wol op It Amelân boarre wurde sil. Tsjin dat boarjen bestie in soad wjerstân op it eilân.