Lokale diken noch faak glêd

Yn in soad gemeenten binne de lokale diken noch net goed begeanber. Benammen op diken yn wenwiken en doarpen leit noch in soad snie. Ek fytspaden binne faak noch net goed skjin.
Omrin hat tongersdeitenacht dwaande west de diken yn Ljouwert begeanber te krijen. Neffens de organisaasje is dat foar de rûnwei goed slagge, foar de lytsere diken jildt dat noch net. Troch de wyn ûntstiene der sniedunen fan soms in heale meter heech.