Trein en bus ride wer

18 des 2009 - 06:01

Arriva is freedtemoarn betiid wer út ein set mei it treinferfier. Dat waard tongersdeitejûn stillein fanwege de snie. Arriva lit yn elts gefal alle oeren ien trein ride. Doel is dat dat letter op 'e dei mear wurde.

De trije bedriuwen dy't it busferfier yn Fryslân fersoargje binne dêr ek wer mei begûn. Tongersdei rieden der amper bussen fanwege de minne sitewaasje op de diken. Omdat dy sitewaasje ek freed noch net oeral goed is, sille net alle bussen op 'e tiid ride kinne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)