Riedsgearkomsten ôfsein

17 des 2009 - 16:01

De ekstra gearkomste fan de ried yn Smellingerlân giet tongersdeitejûn net troch. It wie in ekstra gearkomste, dêr't praat wurde soe oer de bydrage fan Smellingerlân oan it spoar It Fean-Drachten-Grins. Ek de riedsgearkomsten fan Wymbritseradiel, Ferwerderadiel, Lemsterlân en It Bilt gean tongersdeitejûn fanwege de waarsomstannichheden net troch.

De rydeksamens yn Fryslân binne tongersdei fanwege it waar skrast. It is de fraach oft se freed trochgean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)