Tsjûgen ûngelok N31 by Harns

17 des 2009 - 13:41

De plysje siket tsjûgen fan in ûngelok dat tongersdeitemoarn bard is op de N31 by Harns. In bestjoerder dy't út de rjochting Frjentsjer kaam moast útwike foar in auto dy't oan it ynheljen wie en dus op syn rydbaan kaam. Hy bedarre yn de fangrail en hie flinke skea oan syn auto.

Sawol de auto dy't ynhelle as de auto dy't ynhelle waard, binne trochriden. De plysje siket de bestjoerders fan de oare auto's en tsjûgen fan it foarfal.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)