Omrin hellet jiskeweinen werom

17 des 2009 - 13:03

Omrin leget tongersdei yn Fryslân gjin konteners. Moarns hie Omrin syn jiskeweinen yn Súd-Fryslân al werom helle. It wie neffens it bedriuw net langer fertroud om de grutte weinen oer de smelle, glêde diken ride te litten om de konteners te leegjen.

Omrin wit noch net oft it freed wol wer ride sil, dat hinget fan it waar ôf. De minsken wurde fersocht de konteners wer op it hiem te setten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)