Amateurfuotbal giet net troch

17 des 2009 - 12:20

De KNVB hat fanwege it minne waar alle amateurfuotbal fan dit wykein ôfsein. Ek de lanlike kompetysjes geane net troch. Datselde jildt foar de wedstryd yn de earedivyzje foar froulju tusken FC Twente en SC Hearrenfean. Dy wedstryd stie foar tongersdeitejûn op it programma.

Oer de wedstryd Haarlem-Cambuur fan freedtejûn is noch gjin beslút naam. Mar de kâns dat dizze wedstryd ek skrast wurdt liket grut.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)