Bouwmeester docht it goed

Marit Bouwmeester
Sylster Marit Bouwmeester hat op de tredde dei fan de wrâldbekerwedstriden yn de Laser Radial klasse har twadde plak fierder fersterke. Bouwmeester sylde yn de fyfde en sechde race yn it Australyske Melbourne nei in tredde en in earste plak. Mei noch fiif races op it programma hat se 12 punten en hâldt se sicht op de einoerwinning.
De Amerikaanske Paige Railey bliuwt earste mei 10 punten. Sy sylde nei in earste en in sânde plak.