Ierdgasstasjon yn Dokkum

Dokkum krijt as earste yn de regio in ierdgasstasjon. De gemeente Dongeradiel en de provinsje hawwe hjir sa'n 45 tûzen euro subsydjze foar jûn. It tankstasjon komt op bedriuweterrein Hegediken yn Dokkum. Neffens de gemeente past in ierdgasstasjon yn it stribjen fan de gemeente om duorsume inisjativen te ûntwikkeljen.
De gemeente ûndersiket op dit stuit oft se de eigen auto's ferfange kinne troch auto's dy't op ierdgas ride kinne.