Man fêst foar mishanneling

17 des 2009 - 11:12

De plysje hat in 50-jierrige ynwenner fan Roden oanhâlden, dy't earder dit jier in 35-jierrige ynwenner fan Appelskea slim mishannele hat. De man út Roden en in maat sochten de man út Appelskea thús op om't dizze noch in skuld iepen stean hie. Doe't de man sei dat er gjin jild hie, waard hy slim mishannele. Hy waard dêrnei troch de beide mannen bedrige.

Ien fan de mannen is no oanhâlden, de plysje ferwachtet de oare man ynkoarten oan te hâlden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)