De Friesland Aris ferliest

© Omrop Fryslân
De basketballers fan De Friesland Aris hawwe woansdeitejûn mei 80-70 ferlern fan Bergen op Zoom. By it skoft stiene de Ljouwerters al achter mei 41-33. It ferlies hie foaral te krijen mei in moeilik begjin en min sjitten fan ôfstân. Mar 6 fan de 25 kear dat Aris in trijepunter besocht te meitsjen smiet resultaat op. En dat wie fierste min om de nûmer trije fan de kompetysje op 'e knibbels te krijen.
Aris sakket troch it ferlies nei it sechde plak op 'e ranglist.