Besunigings ferkear en ferfier

17 des 2009 - 10:10

De provinsje sil 90 miljoen euro besunigje op it ferkear en ferfier yn de provinsje. Deputearre Piet Adema sil de krekte plannen tongersdei bekend meitsje. It giet dan ûnder oare om projekten út it regiospesifike pakket, it kompensaasjejild foar it net trochgean fan it Suderseespoar.

Yn dat pakket sit ûnder oare de oanlis fan in spoarferbining tusken It Hearrenfean en Grins, de ferdûbeling fan de N31 by Harns en de oanpak fan de rotonde by De Jouwer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)