Ungemakken troch snie

17 des 2009 - 06:24

It ferkear hat tongersdeitemoarn in soad lêst fan de snie dy't fannacht fallen is. Mei nammen yn it suden fan de provinsje is it glêd, mei tsientallen ûngemakken en glydpartijen ta gefolch. Sa'n 25 frachtweinen en 50 auto's binne fan de diken rekke. Der binne noch gjin minsken ferwûne rekke.

It is mei nammen min op de A7 tusken It Hearrenfean en Grins en op de A6 by De Lemmer. Der wurdt manmachtig wurke om de diken skjin te meitsjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)