Undersyk lûdshinder Sint Anne

16 des 2009 - 17:25

It Bilt moat syn húswurk oerdwaan as it giet om de lûdshinder fan de Albert Heijn yn Sint Anne. De Rie fan Steat fynt dat de berekkenings fan de gemeente net goed binne. De eigner fan de supermerk striidt al skoften tsjin de komst fan in appartemintekompleks mei soarchwenten. Hy is benaud dat de frachtauto's syn winkel net mear befoarriede kinne om't dat tefolle leven jout.

It ûndersyk nei de mooglike oerlêst moat oer dien wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)