Farferbod lit iis groeie

De provinsje stelt in farferbod yn om reedriders temjitte te kommen. Oare jierren waard allinnich in farferbod ynsteld as it iis skea tabringe koe oan de wâlskanten en de beskoeiing.
Neffens deputearre Adema is de provinsje der net ferantwurdlik foar dat der feilich riden wurde kin. As foarsein wurdt dat op iepen wetter riden wurde kin, wurdt it ferbod ynsteld. Dat is noch net oan de oarder om't der snie ferwachte wurdt. It PM-kanaal bliuwt sa lang mooglik iepen.