Staarink hâldt op by Oerol

16 des 2009 - 14:50

Janneke Staarink hâldt op as algemien direkteur fan Oerol op Skylge. Oeds Westerhof sil har tydlik ferfange, dat hat er earder yn 2008 ek dien. Doel is foar de nijste edysje fan Oerol yn juny in nije direkteur oan te stellen. Oprjochter Joop Mulder bliuwt artistyk direkteur fan it festival.

Staarink waard yn 2006 saaklik direkteur. No't se har twadde berntsje ferwachtet, fynt se it reizgjen tusken Skylge en har wenplak Haarlem te beswierlik.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)