Plannen frege foar slûs Starum

De oanbesteging foar de Johan Frisosluis yn Starum is úteinset. It giet om in oanbesteging foar ûntwerp, bou en ûnderhâld fan de slûs. De kapasiteit fan de slûs by Starum moat útwreide wurde. De slûs ferbynt it Johan Friso Kanaal mei de Iselmar.
It is de wichtichste ynfalspoart foar de rekreaasjefeart nei de Fryske marren. De slûs kin de drokte net oan. Benammen simmers binne der lange wachttiden. Ein 2010 wurdt it bêste plan keazen.