Skilder Ourensma krijt priis

16 des 2009 - 14:41

De Fryske keunstner Reinder Ourensma is op de ynternasjonale keunstbeurs yn Florence útroppen ta bêste skilder fan alle dielnimmers. In sjuery fan ynternasjonale keunstkritisy en historisy hat him de 'Lorenze il Magnifico Award' takend. Dizze priis wurdt ienris yn de twa jier takend.

It wurk fan de keunstner is oantemei dit wykein te sjen yn de galerie ZoFier yn Nijeskoat.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)