Sportpas foar skoalbern

16 des 2009 - 14:33

Ljouwerter skoalbern kinne tongersdei foar it earst in sportpas krije. Mei de pas kinne se punten sparje as se sporte. Mei dy punten kinne se bygelyks koarting krije foar it swimbad.

Sa'n 900 bern út de groepen 6 oant en mei 8 fan de basisskoallen yn ferskate wiken lykas Heechterp-Schieringen en Camminghaburen krije de pas. De gemeente wol sa achterhelje kinne hoefolle de bern sporte en watfoar aktiviteiten se dogge.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)