Mear geweld iepenbier ferfier

It geweld yn it iepenbier ferfier yn Fryslân nimt bot ta. Dat docht bliken út sifers fan de provinsje. Yn it tredde fearnsjier fan 2008 wiene 72 ynsidinten, yn deselde perioade dit jier wiene dat al 125. Yn de measte gefallen giet it om ferbaal geweld en minsken mei betellingsproblemen.
Ek it tal slimme ynsidinten, mei fysyk geweld of bedriging, leit wat heger. Neffens de provinsje hat de taname te krijen mei groepen jongeren dy't foar oerlêst soargje.