Plan foar sûnenspark Appelskea

16 des 2009 - 11:59

Der moat in grut sûnenspark yn de bosk by Appelskea komme. Dat soe 200 nije banen opsmite. It plan komt fan de stifting Gezondzijn en Welbevinden. Op it park kinne minsken telâne foar hûsdokterssoarch en alternative terapyen foar minsken mei klachten.

Fierder makket âldereinsoarch en in welnessresort ûnderdiel út fan it plan. De stifting siket minsken dy't har jild ynvestearje wolle yn it park. Dat moat 100 miljoen euro kostje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)