Provinsje wol duorsum wêze

De provinsje wol yn 2011 folslein duorsum ynkeapje. Se wolle net allinne griene brânstoffen brûke, mar ek oare fairtrade-produkten brûke, lykas pennen en papier. Doel is om hielendal papierleas te wurden. Neffens deputearre Adema moat dat mooglik wêze mei de hjoeddeistige techniken.
De provinsje wol ek de alderearste milenniumprovinsje fan Nederlân wurde. Dat wolle se berikke troch yn ûntwikkelingslannen wetterprojekten op te setten en te stypjen.