Hennepkwekerijen oprôle

De plysje hat op twa plakken yn Fryslân hennepkwekerijen oprôle. Yn Marsum waarden yn in skuorre oan de Franjumbuorren 460 planten fûn. De plysje kaam dy op it spoar nei in tip.
Yn in wenning oan de Noordkade yn Drachten fûn de plysje 500 planten. Yn beide gefallen binne de planten en ek de byhearrende apparatuer feneatige. Yn Drachten binne trije manlju oppakt, yn Marsum wurdt noch ûndersyk dien nei de eigner.