Wer ferkearsproblemen Ljouwert

De ferkearsljochten wurken net
Der wie woansdeitemoarn in stoaring by de ferkearsljochten op de Werpsterhoeke. Dit is de krusing tusken de Wâldwei en de A32. De monteur en dykynspekteur fan Rykswettersteat koene it probleem net ferhelpe. Der moast in oannimmer komme om de problemen op te lossen. Nei oardel oere wie it probleem oplost.
Moandei wiene der ek al problemen mei de ferkearsljochten. Doe rûn it ferkear folslein fêst. Der stiene dêrtroch lange files.