Ried stimt foar opheffen B'him

De gemeenteried fan Boarnsterhim hat yn mearderheid foar de opheffing fan de gemeente stimd. Allinne de trije FNP'ers stimden tiisdeitejûn tsjin, de oare fjirtjin riedsleden binne allegear foar weryndieling.
De FNP trúne opnij oan op in referindum foar de bewenners. De ried praat yn febrewaris fierder oer hoe't de gemeente opdield wurde moat.