Bom op Skylger strân poater

Op it Noardseestrân fan Skylge is in mooglike bom stellen ynklusyf it boerd dat warskôge foar it eksplosyf. It kin om in hiel gefaarlik projektyl gean. De bom is nei de earste melding yngroeven troch de plysje dy't der ek in boerd bysette. De Eksplosiven Oprommingstsjinst hat moandei op it eilân west om it ûnskealik te meitsjen, mar se koene neat mear fine.
Minsken dy't de bom hawwe of der ynformaasje oer hawwe, wurde troch de plysje oproppen har te melden.