Wenbuorkerij folslein útbaarnd

15 des 2009 - 17:02

Troch te min bluswetter is in wenbuorkerij yn Pepergea tiisdeitemiddei folslein ferlern gien. De brânwacht koe de grutte, útslaande brân net ûnder kontrôle krije omdat der net genôch druk op de wetterlieding stie. Dêrom moasten tankauto's hinne en wer ride om wetter op te heljen.

De wenbuorkerij hie in reiten tek. De brân begûn yn de skoarstien, de bewenners koene op tiid bûten komme. It gasteferbliuw koe wol behâlden wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)