Hearrenfean moat winne
Sels winne en dan hoopje op in geunstige útslach út Berlyn. Dat soe foar Hearrenfean it gouden senario wêze. Woansdeitejûn om sân oere spylje de Feansters de lêste wedstryd yn Groep D fan de Europa League tsjin FK Ventspils út Letlân. Op deselde tiid spilet Hertha BSC de thúswedstriid tsjin Sporting Lissabon.
Om te oerwinterjen yn Europa moat Hearrenfean winne en Hertha BSC ferlieze.