Opknappen Kollum stap neier

De opknapbeurt fan Kollum Súdeast is wer in stapke tichterby. De gemeente Kollumerlân en wenningstifting Thús Wonen setten tiisdei har hanteken ûnder in kontrakt dat de bou fan 142 hier- en keapwenningen seker stelt.
De âlde reade arbeidershúskes yn de buert binne foar in part al sloopt. Dêr komme moderne en duorsume hier- en keapwenningen foar werom. Fanwege de sinnepanelen en waarmtepompen sakje de fêste lesten in stik.