Aldeboarn huldiget kampioenen

Reedriders Jorrit Bergsma en Daan Breeuwsma binne tongersdeitejûn huldige yn har wenplak Aldeboarn. Bergsma waard dit seizoen Nederlânsk kampioen op de fiif kilometer, ek wûn er goud op de fiif en tsien kilometer by de wrâldbekerwedstriden en waard er Nederlânsk kampioen maraton op natoeriis. Breeuwsma helle mei syn shorttrackploeg goud op it Europeesk kampioenskip en sulver op it wrâldkampioenskip.
De 1400 ynwenners fine it sa bysûnder dat der twa kampioenen yn har doarpke wenje, dat der in grutte huldiging op poaten set waard.
De huldiging waard hâlden op doarpsplein It Doelhôf, neidat de riders troch it doarp riden wiene.