Meldpunt feiligens fan VVD

15 des 2009 - 14:09

De VVD Ljouwert begjint in meldpunt feiligens, dêr't minsken allegear saken op it mêd fan feiligens kwyt kinne. Sa kinne se melde wêr't neffens har oerlêst is yn de gemeente, wat de plysje perfoarst oanpakke moat, hokker yslike, tsjustere plakken der binne, hokker ûnfeilige ferkearssituaasjes en wêr't jongeren omhingje.

De ried fan Ljouwert moat meikoarten it beliedsplan feiligens fêststelle. De VVD wol fan de boargers sels hearre wat der libbet op it mêd fan feiligens.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)