Ingelsten op wei nei Viking FK

15 des 2009 - 12:27

SC Hearrenfean-oanfaller Patrik Ingelsten makket de oerstap nei Viking FK. Dat makke de Noorske klub tiisdei bekend op de eigen webside.De Skandinaviërs hawwe oerienstimming berikt mei Hearrenfean oer de transfersom. De klup moat no noch mei de Sweedske oanfaller om tafel.

Ingelsten makke ferline jier as topskoarer fan Sweden de oergong nei Fryslân. Hearrenfean direkteur Yme Kuiper wol de oergong noch net definityf befestigje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)